Learlingen Skier net frij

09 apr 2009 - 22:11
  • De bern op Skier sitte Goedfreed gewoan yn de klasse

Yn tsjinstelling ta hast alle learlingen yn Nederlân hawwe de vmbo-studinten op Skiermûntseach freed net frij. Se moatte op Goedfreed nei skoalle om't se oars net genôch oeren meitsje.

De learlingen fan de Inspecteur Boelensskoalle fine dat net earlik, om't se sa'n bytsje de iennichste bern yn it lân binne dy't freed lessen folgje moatte. Boppedat binne harren bruorkes en suskes dy't op de basisskoalle sitte ek frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)