Learlingen profitearje fan trijetalich fuortset ûnderwiis

25 mrt 2015 - 17:16

Bern dy't op de middelbere skoalle les krije yn ferskillende talen ha dêr in soad profyt fan. Dat docht bliken út in proef fan seis jier op in tal middelbere skoallen yn Fryslân. De bern dêr krije les fan leararen dy't of Nederlânsk of Frysk of Ingelsk prate. Neffens de leararen wurdt de les ek in stik leuker. It helpt de learlingen ek by it learen fan oare talen.

De fiif proefskoallen wolle der graach fierder mei. Der binne yn Fryslân al in soad trijetalige basisskoallen, mar it yn it fuortset ûnderwiis komt it noch net in soad foar.

De dielnimmende skoallen binne CSG Liudger yn Burgum en Waskemar, CSG Bogerman yn Wommels en Koudum en De Saad yn Damwâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)