Learlingen OSG Sevenwolden winne Fryske Fersetsmuseumpriis

19 apr 2016 - 11:29

De earste Fryske Fersetmuseumpriis is wûn troch trije learlingen fan OSG Sevenwolden fan It Hearrenfean. It giet om Arjen van der Veer, Jan Paul de Jong en Laurens Kuiper. Sy krigen de priis tiisdeitemoarn útrikt by de jubileumgearkomste fan de Stichting Friesland 1940-1945. De winners krije de priis foar harren wurkstik 'Een Friese arbeider tijdens de Tweede Wereldoorlog'.

It Frysk fersetsmuseum is inisjatyfnimmer fan dizze wedstriid. Sy roppe learlingen út it fuortset ûnderwiis op in wurkstik te meitsjen oer de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân. De trije learlingen krije elk in jildbedrach fan 250 euro.

Belutsen by ferset

Op it jubileum fan de Stichting 1940-1945 wienen noch mar in pear minsken oanwêzich dy’t belutsen wienen by it ferset yn de Twadde Wrâldoarloch. Ien fan harren is Ali Sinnema Baving. Har man en skoanheit sieten yn it ferset yn Ljouwert. Se waarden oppakt. De skoanheit is fermoarde troch de Dútsers yn Neuengamme. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)