Learlingen lokje mei laptop

26 aug 2008 - 21:19

Studinten fan de bou-oplieding krije fergees in laptop. Dat moat mear learlingen nei de de MBO-opleidings op it Friesland College op It Hearrenfean en de ROC Friese Poort yn Snits en Drachten lûke.

De Stichting BouwTalent Friesland skinkt de laptops en wol sa ynspylje op de personielskrapte dy't de sektor foar de takomst ferwachtet. Twaddejiersstudinten krije fergees in laptop, earstejiers krije boekesjeks.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)