Learlingen kinne bedriuw starte

12 okt 2006 - 13:14

Learlingen fan de ôfdieling Impulse fan skoallemienskip Piter Jelles kinne sûnt tongersdei in eigen bedriuw begjinne mei in liening fan de ING Bank. Oant no ta moesten de learlingen by har âlden freegje om jild.

Impulse is in nije ûnderwiisfoarm werby't gjin klassen en fakken mear binne, mar dêr't learlingen har eigen tempo bepale. De winst fan alle Impulse-bedriuwen giet foar in part nei in goed doel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)