Learlingen diele Fairtrade út

02 nov 2012 - 15:39
  • Fairtrade
  • Fairtrade

In groep learlingen fan it kristlik gymnasium Beyers Naudé út Ljouwert hat freed fergees kopkes kofje en tee útdield yn de trein. Dat diene se op it trajekt fan Ljouwert nei Bûtenpost. De kofje en de tee dy't útdield binne oan reizgers, binne Fairtrade. Dat betsjut dat de produkten earlik produsearre en opkocht binne.

De aksje is ûntstien yn it ramt fan de lanlike Wike Fan De Fair Trade. Deputearre Sietske Poepjes wie der ek om de aksje te stypjen. Dat omdat de provinsje yn 2015 de earste Fairtrade provinsje fan Nederlân wurde wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)