Learlingen Comenius Esdoorn krije les oer narjen

20 nov 2014 - 16:23
  • cyberpesten

Gjin genar, gepleach en geflok tsjin elkoar op it Comenius Esdoorn yn Ljouwert. Dêr waard tongersdei foar de twadde kear in dei tsjin it pesten organisearre. Doel fan de dei is om learlingen bewust te meitsjen fan de gefolgen fan narjen.

De learlingen krigen in foarstelling te sjen oer pesten, 'Klappen voor Bart' fan Bart Melief, en praten yn de les oer pestgedrach en de gefolgen dêrfan. Om't der hieltiid mear digitaal pest wurdt waard ek dêr in soad omtinken oan jûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)