Learlingen Comenius dogge mei oan Lego wrâldfinale yn de VS

10 feb 2016 - 08:03

In groep learlingen fan CSG Comenius yn Ljouwert mei nei Amearika ta om mei te dwaan oan de First Lego League. Se hawwe yn de Beneluxfinale it fjirde plak helle (út 52 dielnimmers) en meie troch nei de wrâldfinale, dêr't sa'n 108 teams út de hiele wrâld oan meidogge. Yn de First Lego League bouwe alle teams in eigen robot.

It is foar it earst dat der in Frysk team trochgiet nei de finale yn Amearika. Yn totaal dogge der alle jierren sa'n 28.000 teams út 70 ferskillende lannen mei oan de foarrondes.

De groep dy't no nei Amearika mei bestiet út learlingen út de tredde klasse, dy't allegearre frijwillich meidogge. Se diene ferline jier ek al mei, doe wie it ferplicht.

De groep fûn it doe sa aardich dat se dit jier op eigen houtsje ek meidien hawwe. De learlingen hawwe in protte eigen oeren yn it projekt stutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)