Learlingen CIOS beklimme 'Mount Everest' foar goed doel

05 des 2015 - 12:14
  • Cios It Hearreanfean

Learlingen fan sportoplieding CIOS op It Hearrenfean sille kommende moandei de Mount Everest beklimme. Dat meldt de Heerenveense Courant. It giet net om de 8800 meter hege Mount Everest yn de Himalaya, mar om dy yn de klimhal op It Hearrenfean. De beklimming is ien fan de aktiviteiten fan it CIOS om jild op te heljen foar Serious Request (SR).

De learlingen fan de opliedingsrjochting Buitensport sille moandeiemoarn om healwei njoggenen úteinsette. Se moatte dy jûnes om tsien oere yn estafettefoarm de top berikt hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)