Learlingen Bogerman Snits bouwe kajakken

16 jun 2015 - 10:06

Fiifenfyftich Technasium-learlingen fan it Bogerman yn Snits hawwe yn opdracht fan ûntwerp- en konstruksjeburo Vripack in boupakket foar in kajak makke. De ôfrûne sân wiken hawwe se dêr oan wurke. De ferskate ûntwerpen wurde tiisdei presintearre op in boatebeurs op de skoalle. In sjuery sil de kreaasjes beoardiele.

De learlingen moasten har foar har konstruksje oan ferskate betingsten hâlde. De kajak moat boud wurde kinne út twa platen wetterfêst multipleks, de boat moat binnen in dei yn elkoar setten wurde kinne en goed stabyl wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)