Learling skrast om drugshannel

13 apr 2004 - 00:00

In learling fan it Bornego College op It Hearrenfean is fan skoalle stjoerd. Hy hannele yn drugs. De skoalle oan de Kingwei hat no mear tafersjoch ynsteld. De learling wie yn it besit fan drugs en ferkocht dy troch. Oare learlingen ha dat meld oan de skoalle.

Der wiene earst mear fertochten. It liket der op dat mar ien persoan ferantwurdlik is foar de drugshannel. De saak leit by de plysje. De âlden binne skriftlik op de hichte steld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)