Learling bedriget direkteur

16 feb 2004 - 00:00

In 19-jierrige learling fan It Fryslân Kolleezje wurdt fan skoalle stjoerd, omdat hy direkteur Ammir Farokhi fan it ICT-lyceum bedrige hat mei de dea. De direkteur hat oanjefte dien by de plysje. De skoallemienskip hat in befeiligingsbedriuw ynskeakele foar ekstra bewaking.

De jonge is fan skoalle stjoerd om't er him wol faker agressyf gedroech. Dizze wike is der noch in ôfskiedpetear mei de learling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)