Leare fan Ingelske opbouwurker

22 sep 2011 - 12:09
  • Iris Bertz is de twadde fan rjochts (foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân)

De Ljouwerter wiken Wielenpôlle en Skepenbuert hawwe dizze dagen besite út Birmingham. Iris Bertz kaam yn Ljouwert telâne nei in moeting mei opbouwurker Bea Moed dy't yn de Ljouwerter wenwiken wurket.

De Ljouwerters tinke profitearje te kinnen fan wurkwize yn de Ingelske achterstânswiken. Bertz hat trije jier in projekt dien dêr't by besocht is op in fernijende wize jonge minsken wat te learen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)