Leararen sizze betrouwen op

14 okt 2005 - 10:19

Dosinten en personiel fan Piter Jelles Montessori yn Ljouwert ha tongersdei it betrouwen opsein yn foarsitter Peter Nieuwstraten fan it sintrale bestjoer fan de skoallemienskip. Se binne ûntefreden.

It probleem mei de lesroasters is it djiptepunt. Learlingen ha protestaksjes hâlden tsjin de minne roasters. Underwiisbûn AOB is bot skrokken fan de misstannen op skoalle. De ynspeksje docht ûndersyk nei de problemen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)