Leararen sels op staazje

02 nov 2004 - 09:55

De Keamer fan Keaphannel hâlde moandei in gearkomste ornearre foar skoallen en bedriuwslibben. Dat barde yn it ramt fan de 'Wurkjen- en Learen-Wike'. Doel is de gearwurking tusken bedriuwen en skoallen te ferbetterjen, benammen wat staazjeplakken oanbelanget.

Om ta in better begryp te kommen, sille 150 leararen meikoarten sels ek op staazje. Se sille dan oan 'e slach yn in bedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)