Leararen krije antennefunksje

18 okt 2001 - 00:00

Middelbere skoallen yn Drachten sille ynset wurde om problemen by jongerein te sinjalearjen. In wurkgroep fan de gemeente Smellingerlân, de GGD, de plysje en de skoallen hat dat besletten.

Leararen moatte problemen sinjalearje yn de klasse en de probleemjongerein trochstjoere nei ynstânsjes, lyk as it maatskiplik wurk en de plysje. It giet om problemen as drugsgebrûk en fandalisme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)