Learaar makke 300 bleatfoto's

10 maaie 2011 - 23:55

De 32-jierrige dosint en fuotbaltrener fan De Jouwer, dy't sûnt twa wike fêst sit, hat yn seis jier tiid sa'n 300 foto's makke fan dûsende jonges. De man wurdt derfan fertocht dat er bern op de Van Kleffenskoalle op It Hearrenfean, dêr't er lesjoech, neaken fêstlein hat. Dat soe er ek dien ha by jonges fan it fuotbalteam dat er trainde.

Justysje ûndersiket oft de man diel útmakket fan in netwurk. Op syn pc is ek berneporno fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)