Learaar krijt dien om relaasje

25 jan 2013 - 16:43

In learaar fan skoalmienskip Magister Alvinus yn Snits is ûntslein omdat er in pear jier in relaasje mei in learlinge hie. It famke wie 17 doe't se inoar bûten skoaltiid begûnen te treffen. Dat wie yn 2010. In jier letter die se eineksamen.

Doe't de skoalle der ein ferline jier fan hearde, hat de direkteur mei de learaar praat. Dy sei doe dat hy in relaasje mei it famke krige doe't se al fan skoalle wie. No't bliken dien hat dat er net de wierheid spruts, krijt er dien. De man hat alve jier op it Magister Alvinus wurke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)