Leankonflikt by DHL Express

30 jun 2009 - 10:06

Meiwurkers fan pakketbesoarger DHL Express yn Drachten sitte bot yn oer har salaris. Al in pear moannen kinne direksje en fakbûnen it net iens wurde oer in nije CAO. DHL wol de leanen de kommende jierren net ferheegje no't it ekonomysk minder goed giet.

De fakbûnen sizze dat DHL ferline jier goed buorke hat en de 3800 meiwurkers wol in leansferheging fertsjinje. De fakbûnen hawwe no in brief nei de direksje stjoerd mei in ultimatum om oan har winsken te foldwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)