Leanbedriuw net nei Bitgum

04 okt 2003 - 00:00

Leanbedriuw Wassenaar mei net ferhúzje nei Bitgum. De provinsje hat in oanfraach tsjinholden. Wassenaar sit op dit stuit mei de haadfestiging yn Bitgummole mar wol dêrwei om't der te min romte is. It plak dat it bedriuw op it each hat, leit yn Bitgum. Tsjin dy lokaasje meitsje Bitgumers beswier.

No driget it bedriuw folslein út de gemeente Menameradiel te ferdwinen. Wethâlder Pen fan dy gemeente wol der alles oan dwaan it bedriuw te behâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)