Leaddief by Jelsum oanhâlden

22 maaie 2013 - 10:46
  • Plysje-embleem

In 40-jierrige Ljouwerter is tiisdeitenacht by Jelsum oanhâlden op fertinking fan stellerij. De plysje seach de man by in bushokje oan de Lanhusterdijk en fûn dat er wat apart die. Syn klean wienen smoarch en hy hie in betiizjend ferhaal. De plysje seach ek in fyts stean en de fytstassen sieten fol mei leadlapen. De fertochte is oerbrocht nei it buro. It lead is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)