Lead en disel stellen

28 okt 2012 - 14:20
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

Fan it dak fan in bedriuw oan de Hortensiastrjitte yn Ljouwert is goed 40 meter lead stellen. Nei alle gedachten hat de stellerij earder fan de wike west.

Ut in parkearde frachtwein yn Goutum is sneontejûn let 400 disel út de tank stellen. In tsjûge seach by de frachtwein jerrycans mei twa slangen stean en in auto mei twa mannen deryn. Doe't de plysje kaam, wie de auto fuort. In syktocht smiet neat op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)