Le Roy mei tegels nei Esbjerg

04 aug 2014 - 11:00

Wethâlder Maria Le Roy fan Harns is moandei op útnoeging fan de Deenske regearing yn Esbjerg. Dêr sil sy tegels fan it Harnzer Ierdewurkfabryk oerlangje. It Deenske part fan de Waadsee stiet fan moandei ôf offisjeel op de wrâlderfgoedlist. Dêrmei is no de hiele Waadsee ien wrâlderfgoedgebiet.

Sûnt 2009 stienen it Nederlânske en Dútske part fan de Waadsee al op de wrâlderfgoedlist. Op dizze Unesco-list steane mar trije gebieten dy't yn meardere lannen lizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)