LDODK wint yn Amsterdam

14 maaie 2011 - 17:59
  • Argyffoto LDODK

De kuorballers fan LDODK hawwe in goeie útslach delset yn de wedstriid tsjin Rohda yn Amsterdam. De ploech fan trainer Gerald Aukes wûn mei 16-12, en dermei docht LDODK goede saken yn de kop fan de haadklasse B fan it fjildkuorbal.

LDODK út Terwispel en De Gordyk hat no 14 punten en dat is like folle as Mid-Fryslân, dat ien wedstriid minder spile hat en snein yn aksje komt tsjin AKC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)