LDODK wint topper tsjin VADA

03 mrt 2012 - 22:21
  • Kuorbal

LDODK hat mei oermacht de wedstriid yn Wageningen tsjin koprinner VADA wûn. De kuorballers fan trainer Gerald Aukes wûnen mei 23-13. Troch dat resultaat hat LDODK no krekt as VADA 19 punten. De nije koprinner is OVVO út Maarssen. Dy ploech wûn yn Wolvegea mei deselde sifers fan it degradearre SCO. OVVO hat no 20 punten. Mid-Fryslân wûn yn sporthal De Twine fan Grou mei 26-25 fan Groen Geel.

Takom sneon spilet OVVO de lêste wedstriid fan de kompetysje tsjin VADA en nimt LDODK it op tsjin SCO. De twa boppeste ploegen komme yn de neikompetysje.

Mei de earste twa fan de oare haadklasse wurdt dan spile om in plakje yn de kuorballeague. Letter yn dy kompetysje komt de nûmer njoggen fan de kuorballeague dêr ek by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)