LDODK wint topper by OVVO

14 jan 2012 - 21:38

LDODK hat de kompetysje yn de haadklasse B wer spannend makke. De kuorballers fan Terwispel en De Gordyk wûnen yn Maarssen mei 23-18 fan koprinner OVVO. LDODK wie fan it begjin ôf de bettere ploech, stie altyd op foarsprong, mar earst yn de twadde helte waard it ferskil makke. Doe waard de 9-7 foarsprong fan de Fryske kuorballers útwreide nei 16-9.

Erwin Zwart wie goed foar njoggen goals, broer André makke der fiif. OVVO hat no tolve punten. LDODK alve, beide út acht wedstriden. VADA kin snein by winst op Groen Geel ek op 12 punten komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)