LDODK wint maklik fan Drachten

15 jan 2011 - 22:29

De kuorballers fan LDODK hiene it sneontejûn yn en tsjin Drachten net dreech. De ploech fan trainer Gerald Aukes wûn mei 27-12. SCO koe it net oprêde yn Den Haach tsjin Eibernest. De thúsploech wûn mei 18-12. OVVO wûn yn de eigen sporthal yn Maarssen de topper fan Vada: 25-23.

OVVO bliuwt de nûmer ien mei 13 punten út 7 wedstriden. LDODK is twadde mei 13 út 8. SCO is sechsde mei 4 út 8 en Drachten lêste mei 1 út 7. Mid-Fryslân (5 út 6) spilet snein yn Grou tsjin AKC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)