LDODK wint ienfâldich fan Nic

24 nov 2013 - 18:01
  • Trainer-coach Jan Sjoerd Pool

De kuorballers fan LDODK hawwe snein it duel fan it Noarden wûn troch Nic mei 31-21 te ferslaan. Yn Grins naam LDODK de lieding troch treffers fan Menno Russchen en Markus de Boer. De ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool boude in marzje fan 4 op en liet dy net mear slûpe. By rêst stie der 16-10 op it boerd.

Nei it skoft rûn LDODK út nei 19-12. In ynhelrace fan Nic brocht de spanning lykwols efkes werom yn de wedstriid. Fierder as 19-16 mochten de Grinzers net komme. Doe wie it opnij LDODK dat de koer fûn en útrûn nei in romme winst.

It wie de earste útoerwinning yn de kuorballeague foar LDODK. De ploech fan Jan Sjoerd Pool stiet troch de oerwinning mei 3 punten út 3 wedstriden op it fyfde plak. Woansdeitejûn komt LDODK opnij yn aksje. Yn de eigen thúshal Koartsweagen op 'e Gordyk is Blau Wyt fan Amsterdam de tsjinstanner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)