LDODK wint Fryske kuorbalderby

21 apr 2014 - 16:31

De Fryske kuorbalderby tusken Mid-Fryslân en LDODK is peaskemoandei in proai wurden foar de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool. Op it sportfjild yn Reduzum wûnen de gasten fan De Gordyk mei 20-11. Yn de earste helte pakte LDODK al in komfortabele 11-4 foarsprong. Nei rêst wist Mid-Fryslân dizze skea net mear yn te heljen.

SCO wûn mei 23-17 fan AWDTV en stiet no op it 7e plak mei 6 punten, likefolle as AWDTV. Mid-Fryslân is hikkesluter mei in punt minder. LDODK giet mei 14 punten oan de lieding, folge troch Wageningen mei 13 punten.

LDODK-spylster Geertje Hoekstra nimt nei dit seizoen ôfskied fan LDODK. De kuorbalster út Aldegea Sm. ferruilet de Gordyksters foar DOS '46. Hoekstra is de twadde dame dy't ophâldt by de formaasje fan Jan Sjoerd Pool. Earder makke Jildou Slagmann al bekend dat se takom seizoen net mear op it heechste nivo yn aksje komme sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)