LDODK wint Fryske kuorbalderby

28 apr 2013 - 16:16
  • k.v. LDODK

De Fryske twastriid tusken de kuorballers fan LDODK AH/Gorredijk en Mid-Fryslân is snein mei 19-13 wûn troch de formaasje út De Gordyk en Terwispel. Yn Reduzum naam LDODK fan it begjin ôf it foartou en gong op slach fan rêst mei 10-7 oan 'e lieding.

Nei rêst wreide LDODK de marzje fierder út en waard it ferset fan de thúsploech fan trainer Arjan Kreeft definityf brutsen. LDODK koe ienfâldich útrinne nei in romme oerwinning.

Troch de oerwinning klimt LDODK nei it fyfde plak yn de haadklasse A. De ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool hat yn 9 wedstriden 7 punten sammele. Mid-Fryslân stiet op it fjirde plak mei 2 punten mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)