LDODK wint Fryske derby

06 maaie 2012 - 16:10
  • LDODK

LDODK hat de Fryske derby wûn fan SCO mei 15-12. Yn Aldeholtpea begong SCO konsintrearre oan de wedstriid en stie nei 20 minuten foar mei 6-4. Krekt foar rêst kaam de ploech fan Gerald Aukes werom en pakte sels in lytse foarsprong. Stân by rêst: 7-6 yn it foardiel fan LDODK.

Fuort nei rêst wreide LDODK de foarsrpong út nei twa punten. Yn in lykopgeande striid bleau SCO lang yn it spoar, mar moast úteinlik belies jaan. Mei noch ien minút op it boerd wie it Markus de Boer dy't syn ploech nei in 11-14 foarsprong skeat en de winst seker stelde.

LDODK stiet op it tredde plak mei 16 punten út 10 wedstriden. Underyn de haadklasse A bliuwt it spannend. SCO stiet op it 6e plak mei 5 punten út 10 wedstriden, ien punt mear as de nûmer 7 AKC. Kinderdijk is de hikkeslter mei 3 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)