LDODK wint fan Blau Wyt

10 sep 2006 - 16:53

Kuorbalklub LDODK hat sneintemiddei mei 20-12 wûn fan Blau Wyt Hearrenfean. De ferhâldings yn it fjild wiene dúdlik want LDODK hie eins gjin inkele muoite mei Blau Wyt.

De jonge ploech út Terwispel/De Gordyk, mei in protte spilers fan 17, 18 en 19 jier, naam al fluch in foarsprong en joech dy ek net mear út hannen. Topskutters oan de kant fan LDODK wiene Mark Brameyer, Marcus de Boer en André Zwart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)