LDODK wint by De Hoeve

04 maaie 2014 - 17:39

LDODK hie it yn de fjildhaadklasse net al te drecch tsjin De Hoeve. De kuorballers fan De Gordyk en Terwispel wûnen de útwedstriid mei 25-15. SCO wûn op it eigen fjild mei 22-19 fan HKV/Ons Eibernest. Winst wie der ek foar Mid-Fryslân. Yn Wormer waard Groen Geel mei 17-15 ferslein. LDODK giet oan de lieding yn de haadklasse A mei 16 punten út 10 wedstriden. De Hoeve is fjirde mei 9 út 10, SCO hat 8 út 10 en stiet dield fiifde, Mid-Fryslân is achtste en lêste mei 7 út 10.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)