LDODK ûnderút tsjin Blau Wyt

27 nov 2013 - 22:22
  • André en Erwin Zwart
  • Sophie Hansen en Geertje Hoekstra

De kuorballers fan LDODK ha woansdei mei 28-25 ferlern fan Blau Wyt. Yn sporthal Koartsweagen naam LDODK yn de begjinfaze in lytse foarsprong, mar de Amsterdammers namen nei 9-9 de wedstriid yn hannen. Fan dat stuit ôf moast LDODK yn de efterfolging. By it skoft wie it 14-16. Troch doelpuntemasine André Zwart (12 treffers) bleau LDODK yn de wedstriid, mar in ferrassing sa as ferline jier siet der net yn. Blau Wyt wie de bettere ploech mei de measte rûtine. LDODK stiet no sechsde mei trije punten út fjouwer wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)