LDODK te sterk foar CSL

14 nov 2009 - 22:24

LDODK hat sneontejûn de earste wedstriid fan de sealkuorbalkompetysje yn de haadklasse opfallend makik mei 28-17 wûn fan CSL. Yn sporthal Koartsweagen op De Gordyk wie it al gau dúdlik dat de thúsploech oer alle boegen krekt wat better wie. Troch hurd wurkjen koene de Britsumers de skea oant it skoft beheind hâlde:16-12.

Yn de twadde helte wie de wedstriid nei 20-14 spile. By LDODK wie Sieta Bijker mei acht doelpunten 'tûk'. René Radersma fan CSL makke der fiif.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)