LDODK stunt yn útwedstriid by Fortuna

13 des 2015 - 16:19
  • André Zwart

De kuorballers fan LDODK pakten snein harren tredde oerwinning yn de kuorbal league troch mei 28-27 te winnen by Fortuna. Yn Delft gong de striid fan begjin ôf oan lykop. De ploech fan trainer Erik Wolsink wist de oansluting knap te hâlden, wat resultearre yn in 14-14 rêststân.

Yn de twadde helte rûn Fortuna fan 16-16 út nei 19-16, mar de formaasje fan De Gordyk en Terwispel kaam knap werom en naam de lieding oer by 23-23. Doe wie it Fortuna dat de oansluting wer pakke koe. Yn in tige spannend slot makke Marjon Visser de winnende treffer.

In klasse leger ferlear SCO sneontejûn yn de haadklasse mei 23-22 fan Rohda.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)