LDODK stunt yn eigen hûs tsjin Blau Wyt Amsterdam

01 feb 2015 - 17:47
  • Erwin Zwart
  • LDODK (argyffoto)
  • André Zwart en Gerald van Dijk

De kuorballers fan LDODK pakten snein in swierbefochten 27-26 oerwinning op Blau Wyt Amsterdam. Yn sporthal Koartsweagen rûnen de Amsterdammers al betiid út nei in 2-8 foarsprong. Treffers fan André Zwart, Menno Russchen, Erwin Zwart en Diana van der Vorst soargen foar in geweldige ynhelrace, wêrtroch LDODK op 12-12 kaam. Erwin Zwart sette LDODK by rêst op 13-12.

Yn in spannende twadde helte gong de skoare oan beide kanten lykop. Yn in spektakulêre slotfaze wie it Erwin Zwart dy't mei noch 6 sekonden op de klok de winnende treffer makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)