LDODK sterkste yn Fryske derby

05 des 2010 - 15:58
  • LDODK wûn sneintemiddei fan SCO

De kuorballers fan LDODK ha snein de Fryske kuorbalderby fan SCO mei 23-20 wûn. Dêrmei bliuwe de kuorballers út Terwispel en De Gordyk koprinner yn de haadklasse A. SCO begûn wol sterk en pakte in foarsprong, mar by rêst stie it 10-9 foar LDODK.

Yn de twadde helte koe LDODK de foarsprong behâlde. Alle oare wedstriden fan Fryske kuorbalhaadklassers wiene skrast, fanwege it winterwaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)