LDODK sterker as SCO

24 jan 2010 - 17:31
  • LDODK wint fan SCO (argyffoto)

De kuorballers fan LDODK ha snein mei 21-17 wûn fan SCO. Healwei stie de ploech út Terwispel en De Gordyk al mei 11-7 foar. De kuorballers fan SCO út Aldeholtpea hiene in minne dei. Yn de twadde helte kaam de spanning dan ek net werom.

Yn deselde haadklasse wûn Mid-Fryslân mei grut ferskil fan Groen Geel. De ploech út Wormer gong yn sporthal De Twine fan Grou mei 34-19 ûnderút. CSL ferlear sneontejûn yn Wageningen mei 21-19 fan VADA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)