LDODK sleept winst oer streek

13 apr 2014 - 15:59

De kuorballers fan LDODK pakten snein in swierbefochten 16-15 oerwinning op HKV/Ons Eibernest. Op eigen fjild op De Gordyk wie de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool de earste helte oppermachtich, wat him fertaalde yn in romme 10-3 rêststân.

Yn de twadde helte wie der fan it klasseferskil net folle mear oer. De gasten út Den Haag kamen knap werom yn de wedstriid en rûnen de efterstân yn oant 15-14. Yn in spannende slotfaze wist LDODK de winst mei de de nedige muoite oer de streek te lûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)