LDODK set opgeande line troch

04 maaie 2013 - 17:10

De kuorballers fan LDODK hawwe sneon mei 18-14 wûn fan Amicitia. Yn Vriezenveen holden beide ploegen inoar yn de earste helte knap yn lykwicht. Yn in lykopgeande striid liet de skiedsrjochter in soad ta, wat soarge foar felle duels. Mei in rêststân fan 8-8 sochten de spilers de klaaihokken op.

Nei it skoft makke de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool it ferskil en wist LDODK de opgeande line fan de ôfrûne wiken troch te setten.

De kampioen yn de haadklasse A is lykwols al bekend. DVO út Bennekom sleepte mei de 24-22 oerwinning op Groen-Geel it kampioenskip binnen en promovearret nei de eareklasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)