LDODK pakt swierbefochten winst op Koog Zaandijk

10 maaie 2015 - 16:11
  • Bliidskip by LDODK

De kuorballers fan LDODK pakten snein in swierbefochten 19-17 oerwinning op Koog Zaandijk. Op eigen fjild begong LDODK poerbêst oan de wedstriid. Nei in lyts kertier spyljen stie der in 6-2 foarsprong foar de formaasje fan De Gordyk en Terwispel op it boerd. KZ kaam lykwols knap werom oant in 11-10 rêststân.

Nei it skoft ûntrûnen de ploegen inoar neat. Nei in 16-16 stân wist LDODK út te rinnen nei 18-16. KZ kaam werom oant 18-17, mar miste doe in wichtige stip. De ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool skoarde al en pakte sa in wichtige winst.

Troch de winst stiet de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool no op it twadde plak, dat in goeie útgongsposysje is foar pleatsing foar de krúsfinales.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)