LDODK pakt earste oerwinning

21 sep 2014 - 16:05
  • LDODK

De kuorballers fan LDODK pakten snein de earste oerwinning fan it seizoen yn de eareklasse troch mei 20-15 te winnen fan Koog Zaandijk. Yn Koog aan de Zaan naam LDODK fan begjin ôf oan de lieding en pakte healwei de earste helte in 11-7 foarsprong.

Nei rêst liet de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool de opboude foarsprong net mear yn gefaar komme. Fan in 14-8 foarsprong rûn LDODK ienfâldich út nei 18-12. Dêrmei wie it it ferset brutsen by Koog Zaandijk en spile LDODK de wedstriid kontrolearre út.

Opfallend gesicht yn de ploech fan KZ wie Sieta Bijker, jierrenlang spylster by LDODK.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)