LDODK nei kuorballeague

07 apr 2012 - 21:26

De kuorballers fan LDODK hawwe sneontejûn histoarje skreaun troch de promoasje nei de kuorballeague. Yn de grôtfolle sporthal fan PKC yn Papendrecht waard OVVO yn de finale fan de haadklasse mei 22-20 ferslein. LDODK spile in ritige earste helte. De ploech fan trainer Gerald Aukes kaam flot mei 4-1 foar, dêrnei mei 7-5 efter, mar by it skoft wie it 13-10 foar de ploech út Terwispel en De Gordyk.

Yn de twadde helte begûn LDODK sterk. It waard 16-11 en 20-15. By 22-20 fluite skiedsrjochter Alle Visser fan Drachten foar de lêste kear.

Erwin Zwart wie by LDODK fierwei de tûkste skutter, hy makke 11 doelpunten. Syn broer André makke 4, Ryanne Nijholt 3, Lotte van der Bijl 2 en Henk en Sieta Bijker beide 1. LDODK en OVVO hiene earder de krúsfinales tsjin de nûmer ien en twa fan de haadklasse A mei súkses ôfwurke. OVVO, de kampioen fan de haadklasse B, wûn twa kear fan Eibernest, de nûmer twa fan de haadklasse A. LDODK, ien punt achter OVVO einige, hie trije wedstriden nedich om de kampioen fan de haadklasse A, Tempo út Alphen aan den Rijn, te ferslaan. Yn de kompetysje hiene de beide ploegen fan dizze jûn de thúswedstriid fan elkoar ferlern. Beide kearen wie de útslach 23-18. LDODK is de earste Fryske ploech dy't de kuorballeague helle hat. Dy league bestiet sûnt 2005 mei de bêste tsien ploegen fan Nederlân. De finale wurdt altyd spile yn sportpaleis Ahoy yn Rotterdam. Dit jier is dy finale op sneon 21 april. Dan hat Alle Visser mei syn fêste assistint Jan-Willem Ulkerman ek de lieding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)