LDODK lit him yn twadde helte oerklasse troch Fortuna

30 nov 2014 - 16:54
  • Erwin Zwart wie ticht by winnende treffer tsjin PKC

De kuorballers fan LDODK slaggen der snein op 'e nij net yn harren earste oerwinning fan dit seizoen yn de Kuorbal League te pakken. Yn Delft waard mei 24-20 ferlern fan Fortuna. Beide ploegen holden inoar foar rêst lang yn 't lykwicht. By in stân fan 13-12 sochten de kuorballers fan Terwispel en De Gordyk de klaaihokken op.

Nei rêst soarge Marjon Visser fuort foar de lykmakker, wêrnei't Fortuna fan 13-13 útrûn nei 20-13. De ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool wist de efterstân noch wat yn te rinnen, mar slagge der net yn in punt te pakken.

André Zwart wie mei fiif treffers de tûkste LDODK-spiler. Broer Erwin wie goed foar fjouwer goals.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)