LDODK kin net stunte by TOP

23 feb 2014 - 13:29
  • Trainer-coach Jan Sjoerd Pool

De kuorballers fan LDODK ha sneontejûn yn de kuorbal league mei 28-24 ferlern fan TOP. Yn Sassenheim koe de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool lykwols ferrassend lang yn it spoar bliuwe fan de koprinner. Trije minuten foar tiid wie de stân noch 24-24 en like in stunt yn de maak. De yndividuele klasse by TOP bruts de formaasje út De Gordyk en Terwispel úteinlik dochs op. Yn de slotminuten rûn de koprinner út nei in wat flatearre oerwinning.

LDODK stiet mei 9 punten út 15 wedstriden op it achtste plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)