LDODK jout winst yn slotfaze út hannen tsjin DVO

17 jan 2016 - 01:27
  • André Zwart

De kuorballers fan LDODK hawwe sneon djoere punten lizze litten tsjin DVO. De Gordyksters gienen yn de spektakulêre slotfaze mei 28-29 ûnderút. Yn in grillich duel moast LDODK yn de earste helte hieltyd yn de efterfolging. DVO út Bennekom naam in 12-8 foarsprong, mar LDODK kaam werom oant 12-12.

By it skoft stie DVO lykwols twa punten foar. Yn de twadde helte rûn DVO út nei 17-13. Troch in sterke faze fan André Zwart, hy skoarde 12 kear, kaam LDODK sân minuten foar tiid mei 26-23 foar. Yn de einfaze pakte DVO dochs noch de folle winst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)