LDODK hurd ûnderút tsjin DOS '46

18 des 2015 - 22:05
  • Erwin Zwart wie ticht by winnende treffer tsjin PKC

De kuorballers fan LDODK krigen freedtejûn in gefoelige tik fan 'buorman' DOS '46. De ploech út Nijeveen wûn de minne wedstriid yn de kuorbal league mei 20-15. Yn sporthal Koartsweagen spile thúsploech LDODK sûnder de skorste skutter Erwin Zwart. Dat hie ynfloed op it skoarend fermogen fan de ploech, mar wat LDODK oanfallend sjen liet wie net bêst. Healwei hie DOS in 14-8 foarsprong. De spanning kaam yn de twadde helte noch wol werom, mar nei 13-15 rûn DOS '46 wer út nei in romme oerwinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)