LDODK hellet krúsfinales

11 mrt 2012 - 00:16

De kuorballers fan LDODK ha de krúsfinales helle om promoasje nei de kuorballeague. Troch in 29-23 oerwinning op it al degradearre SCO waard LDODK twadde yn de haadklasse B, ien punt achter kampioen OVVO. Tsjinstanner yn de krúsfinale is Tempo út Alphen aan den Rijn, de kampioen fan de haadklasse A. Trainer Gerald Aukes makke bekend nei dit seizoen nei seis jier op te hâlden by LDODK.

Yn deselde haadklasse spile Mid-Fryslân de lêste wedstriid yn Veendendaal tsjin SKF. De thúsploech wûn mei 26-25.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)