LDODK gjin finalist

25 mrt 2010 - 00:40

LDODK hat woansdei ek de twadde krúsfinalewedstriid tsjin DVO ferlern. De kuorballers fan Terwispel en De Gordyk stiene yn Bennekom by it skoft noch oan de goede kant: 9-10.

In striemin begjin fan de twadde helte soarge derfoar dat DVO baas yn eigen sporthal waard. Nei 18-13 liet LDODK de moedfearren hingje. De einstân: 24-17. De earste wedstriid wie mei 24-20 foar DVO. Dy ploech mei no mei KVS fan Scheveningen stride om in plak yn de kuorballeague.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)